Ek dit jier stelt de Stifting Akkrum Ald en Nij, in stifting dy’t him dwaande hâldt mei it sammeljen fan bgl. foto’s, kranteknipsels en dokuminten oangeande it doe en no fan Akkrum, stipers en oare belangstellenden yn ‘e gelegenheid mear te witten te kommen oer Akkrum’s ferline.
Ald-Akkrumer Ines Bergsma, berne yn 1941, sil foar it skoft fertelle oer syn jeugdjierren yn Akkrum. Hy docht dit oan ‘e hân fan foto’s fan doe en no. Ines hat de ôfrûne tiid drok dwaande west mei ferhalen út syn jongesjierren. Syn pakesizzers binne hjir sljocht op. Hy hat dizze ferhalen bondele yn it boek ‘Ackrom - Verhalen uit het dorp van mijn jeugd’. Syn publyk meinimme nei de jierren ’40 - ‘50 sil him dan ek grif goed ôfgean.
‘Op en om it Nesker hôf’ is de titel fan it programma nei it skoft. Yn ‘e simmer fan 2010 makke Jan Calsbeek in kuier oer it Nesker hôf, tegearre mei oare meiwurkers fan Akkrum Ald en Nij. Calsbeek fertelde dêr hûndert út oer wat him troch de tiid op en om dat hôf ôfspile hat: it kleaster en de spoaren dêrfan yn it lânskip, de Neskersyl en de ‘Spûkmûne’. Ek oer âlde grêven, wist er nijsgjirrige ferhalen te fertellen. Twa fideo-kamera’s leine de rûnlieding fêst. Oanfuld mei prachtige (montaazje)foto’s, âlde kaarten en rekonstruksjetekeningen is hjir in boeiend geheel fan makke.
Dizze jûn wurdt holden op woansdei 2 maart, jûns om healwei achten yn de rekreaasjeseal fan fersoargingshûs ‘Leppehiem’ oan ‘e Leppedyk te Akkrum.








