MINGD KOAR GROU - Hûndert jier bylâns (3)

ingevoerd op 16-1-2012

It is lyts begûn it Mingd Koar fan Grou. Op ien fan de earste foto’s steane 13 froulju en 8 manlju. Stadichoan kamen der mear leden by, foaral doe’t it net mear in tsjerkekoar wie. Grutter as sa ‘n 70 leden is it net west. Yn 1949 b.g. wiene der krekt 70: 25 sopranen, 20 alten, 14 bassen en 11 tenoaren.
It koar fan hjoed de dei hat ek omtrint 70 leden. Oare koaren bûten Grou ha faken net folle manlju mear, mar by it Mingd Koar binne noch 11 bassen en 7 tenoaren. It hat lang sa west dat der allinne mar Grousters yn it koar meisongen. Dat is fansels ek wol te begripen, alle wiken in jûn nei Grou ta te sjongen, soms by nacht en ûntiid, lake gjin mins oan.
Yn de begjinjierren wiene der ek amper auto´s. De earste auto ried Grou yn op in foarjiersdei yn it jier 1906. De sjauffeur krige fuort in bekeuring, want de Stasjonswei wie noch net frijjûn foar auto´s. Dat barde yn augustus 1906. Doe’t der hjir hast noch gjin auto’s op ‘e dyk te sjen wiene, sette de kastlein fan de herberch ‘De Twee Gemeenten’ yn Jirnsum in adfertinsje yn de krante. Dêryn liet hy witte dat der kommende snein wol in rigele fan sa ’n lytse 30 auto’s troch Jirnsum ride soene. Kom dus snein by ús om dy te sjen !!

Op ‘e fyts nei Grou om te sjongen wie ek in mooglikheid, mar gjin minske prakkesearre der oer om dat te dwaan. Elk doarp hie trouwens sels wol ien of mear koaren, dus as je fan sjongen hâlde, koene je ek yn eigen doarp wol telâne. Op ’t heden is it gâns oars. It ferfier nei Grou is gjin beswier mear. Yn elts doarp is ek net mear in mingd koar. De leden fan it Grouster koar komme út 11 plakken: Grou, Akkrum, Jirnsum, Raerd, Reduzum, Idaard, Wurdum, Wergea, Warten, Ljouwert en Frentsjer Mei de diriginten is it einliks itselde. De earste jierren stiene der ferskillende Grousters foar it koar. De earste fêst beneamde diriginten wennen ek yn Grou. Dêrnei kamen dy fan bûten en dêr is fansels ek neat mis mei. Nee, dat is krekt wol goed!
Alle gegevens onder voorbehoud van typefouten
Uitgeverij Middelpunt.
Sitehand gemaakt met website software van Ziber | Design Studio Hettinga